Verhuur, verhuurbemiddeling en verkoop
Bel ons op
0561 - 700 205

Kroatie

It wie de 3e x dat wy in camper hierden, foarich jier by in oaren, omdat by Noorderzon Campers alles al fuort wie, en dat jier der foar wol by Noorderzon hiert.

It is in moaie manier fan fekânsje hâlden as je wat fan de wrâld sjen wolle, en alles by de hân. Dat fyn ik noch it moaiste, allinich efkes de luifel út en je kinne bûten sitte.

Ik hâld fan de sinne en myn man fan autoriden, dus in goeie combi is dan een camper, sa ha wy it beide nei de sin.

Wy binnen fia Dútslân nei Kroatie gien. Earst nei de kust nei Porec dernei binne wy nei de Plyficce meren west, dit wie echt hiel bysûnder.
Dat is in natûrgebied met allegear marren, wetterfallen, streamkes.. gewoan prachtich om te sjen, blauw wetter sa helder dat je je sels der yn sjen kinne.

As wy net in camper hienen, dan wienen we hjir net hinne gien, omdat it te fier út de kust leit om sa efkes hinne te gean.

Dernei binne we fjirder gean nei de oare kuststreak fan Kroatie, richting Zanton, hjir in grutte camping. It wie wol wat massaal, mar fan alles te dwaan.

It waar wie wat oan de waarme kant, mar alles better dan hjir yn nederlân 18 graden..bbrr. al mei al in goeie fakansje!

De camper wie sa bêst as wat, in goed bêd der yn en romte genoch foar ús beiden.
It ienichste neidiel fyn ik dat je per wike wat hiere matte, lokkich hiene wy dit jier de mazzel dat de camper nei 2 wiken noch wat dagen frij wie, sa koenen

wy krekt wat langer fuort bliuwe. oars ist wat krap fan freed oant freed…

Wie ha foar Noorderzon Campers keazen, omdat it moai tichtby yn de buurt is: mar 3 km fan hûs…+

Bovendien sit alles er by yn, hoechst allinnich mar beddeguod, stuollen, ensf. mei te nimmen.
By de oare huurder moasten wy ek alles sa as bestek en rommel meinimme…wat in gedoch. Gemak tsjinnet de minske….